hjir komme de fersen dus
hjir komme de fersen dus
Efkes foarstelle:
I. Kado foar Kieke Kieke rint om goed fjouwer oere wer nei it tsjerkhôf ta. It is de lêste wike fan novimber, it is kâld en it waait. Yn har bûse fielt se oan de glêde boltsjes. Dêr’t de wite plakken sitte, fielt it stroever. Lekker gefoel sa, mei de fingers troch de kastanjes. Dy hie se in wike lyn socht, doe’t se oan it bûtenste paadsje fan it tsjerkhôf kaam. It hôf waard omseame mei beammen, en op alle hoeken stie in grutte kastanjebeam. Faak hienen der al oare bern west, mar dit jier like it wol oft se gjin belang hienen by de kastanjes. Kieke wol. Sy hie de dikste derút socht. Nei’t se de skilen derôf helle hie, hiene de kastanjes earst noch wat wiet oanfield. Mar no wienen se sa droech en glêd as ikeltsjes. Yntusken is Kieke troch it doarke yn it grutte, izeren hek nei binnen gien. De doarskoatel pipe sêft. Alle dagen komt se hjir en eltse dei wer is it krekt oft der in grut gefoel fan rêst op har falt. Samar, út de wyn yn de loft of opstigend út de grûn. Se rint nei it grêf ta en wachtet oant it fertriet op in weach út har bûk nei de kiel slacht. Se slokt, ienris, twa kear. It sakket wer ôf, krektlyk as oars. Stil bliuwt se stean en stoarret nei de letters op de stien. Nei in skoftsje bûcht se har om in ôfwaaid tûkje fuort te feien. At se wer stean giet sjocht se mei in skyn wat pearzichs efter de stien lizzen. Se rint om it grêf hinne en sjocht dat it in pakje is. In moai ferpakt pakje, mei in goudene strik deromhinne. Der hinget in wyt kaartsje oan, dat in bytsje twirket. Se kriget it pakje op. It is net sa swier. ‘Foar Kieke Douma’ stiet der op it kaartsje, en dan folget har adres. Dat is sy! Underoan stiet: fan Sint en Pyt. Har fingers trilje at se besiket de strik los te nifeljen. Se wol neat stikken meitsje! Hoeden skoot se har fingers ûnder it plakbân, dat moai meiglidet en it papier ûnskansearre lit. Dan hâldt se yn de oare hân it kadootsje beet. It kadopapier mei de strik stekt se ûnder de earm en se hellet it plestik fan it kadootsje. It is in springtou! Wol in hiel moaienien, mei houten hânfetten yn moaie kleuren en ek it tou hat hast alle kleuren fan de reinbôge. Prachtich! Kieke sjocht nochris yn it papier. Sit der ek in kaartsje by? Se sjocht neat, kin neat fine. Frjemd...samar fan Sinteklaas en Piterbaas? Kieke teart it papierke moai op. Dat sil se aant thús sjen litte! It springtou hâldt se yn har hannen. Soe se...? Nee, hjir net, beslút se drekst. Se rint fluch de paadsjes ôf oant se wer bûten it hek stiet. En dan begjint se, se dûnset deroer. Al rinnend en springend komt se sa it doarp yn. Annet en Marjo komme har yn ‘e mjitte en sette grutte eagen op. ‘Kieke!’ roppe se, ‘wat hasto dêr foar moais? Meie wy ekris?’ Mei glânzjende eagen hâldt Kieke ho en jout it tou oan Marjo. ‘Do meist ek ris, hear,’ seit se. ‘Ik haw it fan Sinteklaas krige.’